Kai Verbij foar it earst nasjonaal sprintkampioen

23 jan 2016 - 18:07
  • Kai Verbij fiert syn earste nasjonale sprinttitel op Thialf

Kai Verbij is foar it earst yn syn karriêre Nederlânsk kampioen sprint wurden. Verbij wûn sneon de ôfslutende 1000 meter yn in tiid fan 1.09.14. It twadde plak yn it einklassemint wie foar Ronald Mulder. It brûns gong nei Gerben Jorritsma. Jorritsma einige op de ôfslutende 1000 meter as twadde mei 1.09.44. Hein Otterspeer waard tredde mei 1.09.46.

De Friezen moasten op de twadde dei belies jaan. Jesper Hospes einige úteinlik as fyfde yn it einklassemint. Sjoerd de Vries fine we werom op it achtste plak, Jan Smeekens waard njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)