Kafeebaas bedrige mei wapen

06 jul 2011 - 10:39

Yn Gytsjerk binne tiisdeitenacht twa minsken út Lúnbert en ien út Masedoanië oppakt. Se hiene de útbater fan in hoarekasaak bedrige. De fertochten woene jild ha fan it slachtoffer en bedrigen him mei in wapen. In tsjûge belle de plysje en dy koe de fertochten oanhâlde.

Yn har auto fûn de plysje it jild fan de oerfal, mar ek in stroomstjitwapen, in honkbalkneppel en pepperspray. De trije fertochten binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)