Kafee yn Sumarreheide slút

15 aug 2013 - 12:37
  • Kroech De Harste yn Sumarreheide
  • Kroech De Harste yn Sumarreheide
  • Kroech De Harste yn Sumarreheide

De gemeente Tytsjerksteradiel slút kafee de Harste yn Sumarreheide. De útbater hâldt him neffens de gemeente al moannen net oan de slutingstiden en syn besikers soargje foar oerlêst. Mei yngong fan freed 14.00 oere wurde de drank- en hoarekafergunning en de eksploitaasjefergunning ynlutsen. De eksploitaasjefergunning wurdt ynlutsen omdat de kroechbaas koartlyn feroardield is foar in strafber feit en dêrom moat hy de fergunning ynleverje. De ôfrûne njoggen moanne hat de gemeente yn ferskate petearen warskôgings jûn.

Utbater Romke Rozema fan kafee De Harste is it net iens mei de sluting fan syn kafee. Hy giet yn berop en tinkt dat er it kafee rap wer iepen ha kin. Hy ûntkent dat er koartlyn feroardiele is. Ek fynt Rozema dat er net ferantwurdlik is foar de oerlêst bûten de kroech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)