Kafee yn gemeentehûs Kollum?

13 jun 2003 - 00:00

De gemeente Kollumerlân hat it âlde gemeentehûs yn Kollum ferkocht oan Corporatieholding Friesland yn Grou. De ûntwikkelingsmaatskippij fan de korporaasjeholding, Woonprojekt, wol om it âlde gemeentehûs sawat 14 nije huzen bouwe, sadat der in 'hofke' ûntstiet.

Yn it âlde gemeentehûs moat in grand kafee komme. De petearen mei de mooglik nije útbaters rinne noch. De plannen binne dus noch net definityf. De ried fan Kollumerlân sil der ek oer te set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)