Kafee útset, fytsen fernield

20 feb 2011 - 13:49

In 22-jierige ynwenners fan Tsjalbert hat yn de nacht fan sneon op snein ferskate fytsen fernield. De man wie lilk, om't er in kafee oan de Vleesmarkt op It Hearrenfean útset wie. Hy begûn tsjin fytsen oan te skoppen. Twa plysjeminsken seagen dat en se stjoerden de man mei in warskôging fuort.

Efkes letter trape er wer tsjin in fyts oan. Doe hawwe de plysjeminsken de man oanhâlden en oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)