Kafee Museum Belvédère op ien nei moaiste

27 maaie 2015 - 07:40
  • Museum Belvédère

It kafee fan museum Belvédère yn Oranjewâld is moandeitejûn twadde wurden by de ferkiezing foar it Museumglês. Dat is de priis foar it bêste museumkafee fan Nederlân. Museum Arnhem waard útroppen ta winner. De organisaasje beoardiele goed 200 museumkafees op tagonklikheid, iepeningstiden, de kwaliteit fan de kofje en de relaasje mei it museum.

Oare museumkafees dy't nominearre binne, steane yn Dordrecht, Den Haach en Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)