Kafee moat terras fuorthelje

19 apr 2011 - 15:05

Kafee 't Skûtsje yn Harns moat syn bouwurken bûtendoar fuorthelje. De kroech hat jierren lyn in houten flier mei in sinneskerm pleatst en dy situaasje like tastien te wurden. Besikers brûkten de romte foaral om it smoken, mar dat soarge foar oerlêst, en doe kaam de feitlik yllegale situaasje ek oan it ljocht.

Petearen tusken de gemeente en de kroechbaas hellen neat út. Oan it opromjen fan de bouwurken is ek in twangsom ferbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)