Kafee moat lûdsbegrinzers ha

17 mrt 2010 - 11:33

Kafee Blauwhuis yn Ljouwert moat gewoan twa lûdsbegrinzers pleatse. Dat hat de Raad van State besletten. It kafee wie earder by de gemeente yn berop gien tsjin de opdracht om de lûdsbegrinzers te ynstallearjen.

De lûdsbegrinzers moatte foarkomme dat omwenners tefolle leven hawwe fan it kafee. De gemeente hie it berop ôfwiisd, de Raad van State hat no bepaald dat dat terjochte wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)