Kafee-eigner Strobos slein

19 sep 2010 - 15:17

Twa ynwenners fan Strobos fan 18 en 21 jier binne sneontenacht oanhâlden foar geweld. Se hiene yn it kafee west en wiene fuortgien om wat te iten. Doe't se weromkamen, wie it kafee ticht. De manlju sloegen op 'e doar en op 'e ruten. De eigner die iepen en sei dat it kafee ticht wie. Dêrnei begûnen de manlju him te slaan en te skoppen.

De plysje waard warskôge en dy koe de fertochten efkes letter oppakke. Se sitte fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)