Kafee Earnewâld wer iepen

27 jul 2007 - 13:56

Kafee it Jagershûs yn Earnewâld mei fan freed ôf wer iepen. Dat hat de gemeente Tytsjerksteradiel besletten. It kafee hat twa wike ticht west op lêst fan de gemeente om't de klanten foar oerlêst soargen.

Omwenners klagen oer dronken minsken op strjitte, it lestich fallen fan foarbygongers en te folle leven yn it kafee. De útbater fan it kafee hat no tasein maatregels te nimmen. Fan de gemeente mei it kafee dêrom wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)