Kafee De Weinstube yn Harns hâldt op te bestean

15 feb 2016 - 21:41
  • It terras fan De Weinstube

Nei hast fyftich jier ferdwynt De Weinstube út it strjitbyld fan Harns. Ytkafee De Lachende Koe iepenet in fêstiging yn it gebou. Dat sil op 8 april de doarren iepenje yn de Harnzer Foarstjitte. De strange wetjouwing yn 'e hoareka is foar eigener Henk Jan Cornelisse fan De Weinstube de reden om dermei op te hâlden.

Al fan 1966 ôf sit De Weinstube yn de Foarstrjitte. Cornelisse fynt it spitich dat it ophâldt, mar hy is wol bliid dat der in nije hierder yn komt.

Op 8 maart soe De Weinstube fyftich jier bestean. Dat jubileum hellet it 'grand café' krekt net. Op sneon 27 febrewaris is it ôfskiedsfeest en dêrnei slute de doarren foar in grutte ferbouwing. Fan freed 8 april ôf kinne minsken yn it nije restaurant telâne. Yn Ljouwert en Drachten sitte al twa restaurants fan De Lachende Koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)