Kafee De Stee tsiende

18 nov 2013 - 22:01
  • Arman nimt der ien op, syn suster Ilva stiet achter de bar

Kafee De Stee yn Ljouwert is op it tsiende plak einige fan de Café Top 100. De útslach waard moandeitejûn bekend makke op in byienkomst yn Rotterdam. In sjuery fan fyftjin man hat it ôfrûne jier fiifhûndert kafees yn Nederlân beoardiele en dêr in top 100 út gearstald. By de beoardieling waard ûnder oare sjoen nei gastfrijheid en hygiëne.

De ferkiezing waard foar de alfde kear hâlden. Yn 2006 gie de earste priis nei kafee Nobel op It Amelân. Yn 2010 einige it kafee fan Hessel van der Kooi op Skylge op it earste plak.

Almeial steane der sân Fryske kafees yn de Café Top 100:
10. De Stee, Ljouwert
20. Nobel, Ballum
35. De Walvis, West-Skylge
52. De Walrus, Snits
59. Nescafé, Nes (Amelân)
69. Paddy O'Ryan, Ljouwert
79. De Walrus, Ljouwert

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)