Kafee bang foar brânstichters

19 apr 2007 - 14:14
  • It kafee is ryp foar de sloop
  • Ek it dak is oan ein

It âlde kafee de Dragt yn Wolvegea moat eins sa gau mooglik ôfbrutsen wurde. As dat net bart is de kâns grut dat it 100-jier âlde gebou doel wurdt fan brânstichters. Dy eangst hat Theo Koning fan Weststellingwerfs Belang.

It kafee en de bioskoop derachter stean al trije jier leech. Jongeren spoke de lêste tiid troch it gebou en besykje saken yn 'e brân te stekken. It gebou is eigendom fan Corporaasje- holding Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)