Kado's foar MBO-learlingen

10 sep 2009 - 15:21

Twahûndert learlingen fan de MBO-oplieding Bouw en Infra yn Fryslân krigen tongersdei yn it Cambuurstadion in laptop of in stúdzjeboekesjek. Dy waarden útrikt troch de Stichting BouwTalent Friesland.

De stichting is fjouwer jier ferlyn oprjochte troch ferskate opliedings, bedriuwen yn de bou en wenningkorporaasjes om mear minsken te stimulearjen in oplieding yn 'e bou te dwaan. Sa fergoedet de stichting bygelyks staazjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)