Kadootsjes foar fytsforinzen

25 mrt 2011 - 12:32
  • Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwert wol forinzen dy't nei it wurk fytse beleanje mei kadootsjes. Meiwurkers fan achttjin grutte bedriuwen en ynstellings wurdt frege mei te dwaan oan 'Trappers'. Dielnimmers krije in registrator op de fyts. Foar elke rit krije se punten dy't ynwiksele wurde kinne foar produkten en deitrips.

It nije idee is bedoeld om de files tsjin te gean. By Ljouwert wurdt de kommende tiid in soad wurke oan diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)