Kadobon foar lang wachtsjen

01 apr 2008 - 10:40
  • Lang wachtsje op gemeentehûs Achtkarspelen? Dan in kadobon

Ynwenners fan Achtkarspelen krije in kadobon fan 10 euro as se langer as in kertier wachtsje moatte by de baly yn it gemeentehûs. Ek krije se in kadobon as se te lang wachtsje moatte op antwurd op in brief of e-mail.

Yn Fryslân binne al twa oare gemeenten dy't sokke regels hawwe. Achtkarspelen fiert it belied ek yn foar alle oanfragen foar in útkearing of fergunning. De gemeente hat al hûndert kadobonnen klear te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)