Kadoboek by Swalk 2016 wurdt brieveboek fan twa skriuwsters

02 des 2015 - 18:57

Marga Claus en Aggie van der Meer sille it Kadoboek takom jier skriuwe. It boek ferskynt by Swalk, Frysk op toernee. It tema fan de edysje fan 2016 is brieven, om te ûnderstreekjen hoe spesjaal oft it is om in brief te skriuwen, of te krijen. It Kadoboek wurdt dan ek in brieveboek.

Beide skriuwsters hawwe inoar in jier lang brieven skreaun, nei't sy beide harren partners, mei fiif wiken tuskentiid, ferlern hiene. Sy ha inoar treast jûn en ferteld hoe’t sy beiden it ferlies belibben. Swalk 2016 is fan 9 oant en mei 18 septimber.

It boek sil troch útjouwerij Afûk útjûn wurde yn opdracht fan Tresoar. By Swalk wurdt it Kadoboek troch de boekhannel fergees útdield by oankeap fan in Frysk boek. Los en nei de aksjeperioade jildt it Kadoboek € 9,95.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)