Kado museum falt ferkeard

13 apr 2004 - 00:00

In kado fan it Princessehof falt by guon Ljouwerter riedsfraksjes ferkeard. Se wolle it boek oer de nije eksposysje Lekker Decadent fan it museum net oannimme. De FNP en Leefber Ljouwert jouwe it boek fan 38,50 euro werom. Om't de grins fan in relaasjegeskink foar riedsleden op 35 euro leit.

Ek de SP en de PVDA-fraksjes ha ûnderwilens tasein it boek werom te jaan oan it Ljouwerter keramykmuseum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)