Kaden Lauwerseach en Harns ûnderstrûpt

11 jan 2015 - 08:25
  • skea oan kade yn Harns

De kaden fan Lauwerseach en Harns binne sneontenacht diels ûnderstrûpt troch it hege wetter en de hurde wyn. Yn Harns kaam it wetter út op 3.14 boppe NAP. It KNRM-gebou wie sa goed as ûnberikber.

Dûkers fan in bergingsbedriuw hawwe fiskers yn de Harnzer haven wekker makke, om de touwen te kontrolearjen en wach te wêzen. Seis auto's by de haven kamen foar in part ûnder wetter te stean. De wetterstân wie it heechst om tolve oere nachts hinne. Dêrnei sakke it wetter stadich.

De Noardseestrannen fan de Waadeilannen hawwe ek te lijen hân fan it hege wettter. Op It Amelân is oer in ôfstân fan 100 meter in stik dún fuortspield. Op Flylân en Skylge binne ek stikken dún ferdwûn. Neffens Rykswettersteat is der gjin sprake fan libbensbedriigjende situaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)