'Kaden Frjentsjer opknappe'

18 mrt 2011 - 09:53
  • Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Frjentsjerteradiel hat oer 2010 in tafaller fan goed ien miljoen euro. Boargemaster en wethâlders hawwe foarsteld om dat bedrach te brûken foar it ûnderhâld oan de kademuorren yn Frjentsjer. De ried moat noch wol gear oer it beslút.

De gemeenteried is op it stuit oan it bepalen wêr't op besunige wurde moat. De kommende jierren moat der twa miljoen euro besparre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)