Kaden fan de Swette oanpakt

05 nov 2012 - 19:11

Wetterskip Fryslân is begûn mei it opheegjen fan de kade fan de Swette tusken Dearsum en Mantgum. De wurksumheden binne ûnderdiel fan it 'herstelprogramma oevers en kaden'. De kade krijt in natuerfreonlike wâlskant en der wurdt in fytspaad oanlein. It fytspaad is ûnderdiel fan de Middelseerûte tusken Snits en Ljouwert.

Ferwachte wurdt dat it wurk yn april 2013 klear is. It fytspaad kin dan foar it rekreaasjeseizoen yn gebrûk nommen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)