Kade Sint Anne fersakket bot

09 sep 2011 - 17:06
  • De fersakke wâlskanten wurde skoarre mei izeren balken (foto: Omrop Fryslân)

In stik fan de kade fan de Suderfeart yn Sint Anne is bot oan it fersakjen. Yn twa wiken tiid is de betonnen konstruksje 2,5 sintimeter nei ûnderen ferskood.

De kade is no ôfset mei stekken. Tolve izeren balken moatte derfoar soargje dat er net fierder fersakket. De kommende wiken sil besjoen wurde wat der krekt te rêden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)