"Kade Kompanjonsfeart gefaar"

24 okt 2014 - 12:20
  • De Opsterlânske Kompanjonsfeart op De Gordyk

Der moat wat dien wurde oan de hege kade oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart op De Gordyk. Dat fine buertbewenners fan de Tsjerkewal en Mûnewal yn it doarp. Op 5 septimber rekke in âldere frou mei har scootmobyl yn it wetter. Se koe mei in soad muoite mar krekt út it wetter helle wurde. Foar de buertbewenners wie dat de drip.

Der is kontakt opnaam mei ferskate politike partijen, mar dy ha der noch neat oan dien. Bewenners binne bang dat der earst ûngelokken barre moatte, foardat de situaasje feroarje sil.

De steatefraksje fan GrienLinks hat yntusken fragen steld oer de kade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)