Kadavers ek yn wykein ophelle

27 jul 2006 - 16:14

Kadavers fan bisten wurde ek dit it wykein gewoan ophelle by de boer. Dat hat destruksjebedriuw Rendac besletten yn ferbân mei de waarmte. Earder dizze moanne waard dat ek al dien.

Under normale omstannichheden wurde kadavers dy't nei freedtemoarn trije oere melden wurde, pas op de folgjende moandei ophelle. No gebeurt dat op sneon. De kadavers sille op de festiging fan Rendac yn Son ferneatige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)