Kachel lyseum stikken

05 jan 2009 - 11:45

Foar de learlingen fan it Drachtster Lyseum duorret de krystfakânsje in dei langer.Alle goed 1100 skoalbern binne moandeitemoarn nei hûs ta stjoerd fanwege in stikkene kachel. De tentamens, dy´t moandei begjinne soenen, koenen dêrom ek net trochgean.

It wie acht graden yn it skoalgebou en dat is neffens direktrise Van der Stouwe te kâld om les te jaan of tentamens te meitsjen. De kachel hie automatysk oangean moatten, mar dat wurke net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)