Kabriotocht troch SW-Fryslân

19 apr 2009 - 17:24
  • De kabrio's yn Sleat (foto: Pieter Albada)

De earste lanlike kabriotocht is sneon holden yn Súdwest-Fryslân mei as doel mear jild op te heljen foar de bestriding fan harsenkanker. Oan de start yn Balk ferskynden 97 ferskate kabrio's út it hiele lân.

De 70 km lange rûte gong lâns moaie plakjes yn de Súdwesthoeke. Oan de ein fan de dei krige de foarsitter fan de stifting Stophersentumoren.nl, Klaske Hofstee, in sjek fan mear as 5500 euro. Ferskate bedriuwen sille dit bedrach noch oanfolje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)