Kabouters op it Amelân

19 jan 2007 - 21:34
  • Piet Metz hâldt sels ek in pear kabouters

Jutter Piet Metz út Buren op It Amelân hat de ôfrûne wiken tsientallen byldsjes fan kabouters fan it strân helle. De kabouters komme nei alle gedachten út in kontainer dy't ferline jier boppe Skylge fan in boat sloech. De byldsjes binne sa'n 15 sintimeter heech en hawwe wol wat slytplakken oprûn yn see.

Metz jout in part fan de byldsjes oan it Lânbou- en Juttersmuseum op It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)