Kabinet te silen yn Fryslân

14 aug 2001 - 00:00

Hast it folsleine kabinet wie tiisdei te silen op 'e Goaiïngarypster Puollen by Snits. Mei it politike jier foar de doar moat der wat oan 'teambuilding' dien wurde.

In protte parse stie de bus mei pommeranten op te wachtsjen. Minister Brinkhorst leit ûnder fjoer fanwege syn lânboubelied, mar liet him net ta in antwurd op in politike fraach ferliede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)