'Kabinet moat harkje nei krityk'

03 okt 2004 - 16:05

It kabinet kin net langer doof bliuwe foar de krityk op it regearingsbelied. Dat sizze ferskate politisy en fakbûnsminsken nei de grutte manifestaasje fan sneon op it Museumplein yn Amsterdam. Der wurdt rûsd dat der sa'n 200.000 minsken nei it plein kamen.

CNV'er Doekle Terpstra sei djip ûnder de yndruk te wêzen fan 'e opkomst en de motivaasje fan 'e aksjefierders. "It kabinet moat no nei ús harkje."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)