'Kabinet gjin each foar regio'

17 jul 2002 - 00:00

It nije kabinet hat net folle op mei wat der yn de regio bart. Dat seit bestjoerskundige Hemminga fan de Fryske Akademy. Sân minsken yn it nije kabinet komme út Rotterdam en omkriten. Fryslân leveret hielendal gjin ministers of steatssiktarissen. Dat is sûnt begjin jierren '80 net mear bard.

Yn de Twadde Keamer is Fryslân mei acht keamerleden wol goed fertsjintwurdige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)