Kabinet foar weryndieling

03 okt 2009 - 08:26

It kabinet is freed akkoart gien mei de fúzje fan gemeenten yn Súdwest-Fryslân. Dêrmei is de fúzje fan Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel in belangrike stap tichterby kaam.

It kabinet stjoert it beslút no troch nei de Rie fan Steat. De Twadde Keamer nimt it definitive beslút. De nije gemeente moat op 1 jannewaris 2011 yngean. Deputearre Galema wol dat de 80.000 ynwenners fan 'e nije gemeente in soart fan autonomy krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)