Kabels radio-amateurs stellen

24 okt 2013 - 10:42

In groepke Ljouwerter radio-amateurs is slachtoffer wurden fan fandalisme. Nei alle gedachten hawwe de fernielers ferline wike taslein. Se hawwe 24 radio- en coaxkabels trochknipt en meinaam. De radio-amateurs kamen dêrachter doe't it stasjon gjin signaal mear hie.

Nei ûndersyk die bliken dat om it klupgebou oan de Avondsterweg hinne radiokabels oer in lingte fan 1200 meter trochknipt wiene. De dieven hawwe sawat seis meter oan kabel meinaam. De radiokabels binne foar in part fan koper. De skea rint yn de tûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)