Kabeldief op brommer pakt

30 maaie 2013 - 12:01

Yn De Wylgen is tongersdeitemoarn in 53-jierrige man út It Hearrenfean oppakt, omdat er kabels stellen hie. In tsjûge seach de man op 'e brommer riden, mei allegear kabels en skeakele de plysje yn. Doe't dy de fertochte oanhâlde, koe de man net goed útlizze hoe't er oan de kabels kaam. Boppedat hie er ek allegearre ark by him.

De man is meinaam nei it plysjeburo. De kabels en it ark binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)