Kabel Noord betellet rekken

02 feb 2010 - 11:47
  • Klanten fan Kabel Noord kinne wer sûnder problemen belje

Klanten fan Kabel Noord hoege oer de perioade fan 20 jannewaris oant en mei 1 febrewaris gjin tillefoankosten te beteljen. Neffens it bedriuw hat de tillefoantsjinst te lang net goed wurke. Nei't Kabel Noord in nije masine yn gebrûk naam hie foar flugger ynternetferkear begongen de problemen.

Soms wie der net fuortendalik in ferbining, in oare kear waarden petearen samar ôfbrutsen of kamen stimmen ferfoarme oer. De problemen binne yntusken oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)