Kabel Noard: ferlies en winst

05 jun 2003 - 00:00

Kabelbedriuw Kabel Noard slút it jier 2002 ôf mei in ferlies fan 500.000 euro. Dat komt benammen troch in oare manier fan boekhâlden. Dêrtroch moast ekstra ôfskreaun wurde op it kabelnetwurk. As dy ekstra ôfskriuwing net meirekkene wurdt, hat Kabel Noard in winst fan 350.000 euro.

Foar takom jier ferwachtet de kabelaar yn Dokkum ek winst. Dy komt benammen út hegere ynkomsten troch ynternette oer de kabel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)