Kabaretmaraton fan Ruurd Walinga

29 des 2006 - 12:12

De Fryske kabaretier Ruurd_Walinga is freed mei in maraton begûn. Yn de Ljouwerter Salvator-tsjerke is er om 10.00 oere losgien. Hy giet tsien oeren achter elkoar troch oant yn de jûn.

It is nei alle gedachten de langste ienmans-kabaretmaraton oait. Walinga spilet sân fan syn selsskreaune programma's. Hy hat mei elkoar tsien programma's skreaun, mar dy allegear spylje fûn er tefolle achter elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)