Kabaalauto's fan de dyk helle

15 apr 2013 - 10:35
  • Plysje-embleem

By in autotreffen yn Drachten hat de plysje snein fan njoggen auto's it kentekenbewiis ynfoardere omdat se fierstente folle leven makken. De bestjoerders krigen in boete. Sy krije it kentekenbewiis werom as se de auto yn orizjinele steat werom brocht ha. De RDW moat de auto ek noch herkeure.

Der binne snein ek boetes útdield foar net handsfree beljen, glêde bannen, it net dragen fan in helm en it meitsjen fan in wheely mei de motor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)