Kaartferkeap play-offs begûn

10 maaie 2011 - 14:06

De kassa's op it Cambuurplein binne tiisdeitemoarn om 9.00 oere iepengien foar de ferkeap fan kaartsjes foar de play-offwedstriden. It rûn noch net stoarm. Sa'n tweintich seizoenkaarthâlders stiene foar de hikken te wachtsjen.

Op moandei 16 maaie wurdt mear drokte ferwachte. Dan begjint de frije ferkeap foar de earste play-off wedstryd thús tsjin FC Zwolle op tongersdei 19 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)