Kaartferkeap Oerol is earder

22 apr 2003 - 00:00

De kaartferkeap fan Oerol begjint twa dagen earder as oars, om de trochstream by de kassa's yn it earste wykein te fergrutsjen. Kaarten binne fan 11 juny ôf op Skylge te keap. Op syn heechst wurdt 50 prosint fan de kaarten foar de foarstellingen ferkocht. Der binne 85.000 kaarten foar 35 foarstellingen.

Neist de gewoane kassa's komme der '3-dagen-kassa's' foar festivalgongers dy't it wykein komme. Oerol duorret fan freed 13 oant en mei snein 22 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)