Kaartferkeap nije seal Lawei

01 apr 2014 - 14:16
  • De kaartferkeap gong moai flot
  • De Lawei yn Drachten

Skouboarch de Lawei yn Drachten hat tiisdei de earste kaarten ferkocht foar plakken yn de fernijde grutte seal. De besteande grutte seal wurdt ferboud en oars yndield.

Op 10 en 11 febrewaris takom jier jouwe Acda en de Munnik twa ôfskiedskonserten yn de grutte seal. Meiwurkers fan de Lawei hawwe hurd wurke om it nije stuolleplan yn it boekingsysteem te ferwurkjen. Tiisdeitemoarn binne 600 fan de yn totaal 1800 kaarten foar de konserten sûnder problemen ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)