Kaartferkeap Jorwert earder los

14 jan 2006 - 12:07

De kaartferkeap foar it iepenloftspul yn Jorwert begjint dit jier op 1 juny. Dat is folle earder as oars. Gewoanwei gie de ferkeap pas in pear wike foar de foarstellings yn septimber los. It is no earder, omdat ferline jier lang net alle kaarten ferkocht waarden.

Jorwert spilet dit jier it stik 'Full Monty', nei in film út de jierren njoggentich. Regisseur Romke Toering hâldt hjirnei op. Hy hat tritich jier belutsen west by Jorwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)