Kaartferkeap H'veen rint dreech

11 okt 2005 - 16:45

Der binne problemen mei de ferkeap fan kaarten foar de europacup-wedstriden fan SC Heerenveen. Ferkeappunten yn Harns en Frjentsjer sitte sûnder papier en kinne gjin tagongskaarten útdraaie. De winkels ha wol nij papier besteld mar dat wurdt net levere.

Neffens Ticketbox, de leveransier fan it papier, it is de skuld fan de ferkeapers sels. Dy soene te let ynkocht ha. De ferwachting is dat de problemen woansdei foarby binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)