Kaartferkeap Harmonie offline

03 jun 2010 - 15:20
  • Foto: Omrop Fryslân

De Harmonie yn Ljouwert stelt de kaartferkeap foar it nije seizoen mei in wike út. It nije bestelsysteem op ynternet wurket noch net goed. De ferkeap soe woansdei begjinne. De skouboarch hat in nij systeem foar de kaartferkeap. Neffens direkteur Oostvogel hat gjinien skea fan 'e útstel, omdat noch net ien kaarten bestelle kin.

By De Lawei yn Drachten rûnen de bestellings fan kaarten op ynternet dizze wike fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)