Kaartferkeap Harmonie giet goed

03 sep 2003 - 00:00

De kaartferkeap fan De Harmonie yn Ljouwert ferrint goed. It tal bestelformulieren leit no al tsien prosint heger as ferline jier. Oant 23 septimber kinne formulieren ynlevere wurde. Foar it earst kin fia ynternet besteld wurde. In fjirde part fan de besikers docht de bestelling digitaal.

Neist kabaret is toaniel populêr. Ek opera docht it goed. La traviata fan de Nationale Reisopera is al útferkocht en de operakursus is folboekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)