Kaartferkeap bekerduels los

04 sep 2009 - 12:05
  • In moai affisje: De Jouwer tsjin Twente

De kaartferkeap foar de grutte bekerwedstriden fan ein septimber stiet op it punt fan begjinnen. SC Joure begjint sneon mei it ferkeapjen fan kaarten foar de wedstriid tsjin FC Twente. De Harkemase Boys begjinne tiisdei mei de ferkeap fan kaarten foar de wedstriid tsjin Feyenoord.

By beide klups wurdt in soad folk ferwachte. Om opskuor foar te kommen begjinne de wedstriden op deselde tiid op 23 septimber, om 17.00 oere. Harkemase Boys ferkeapet 4500 kaarten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)