Kaarten oer foar H'fean-PSV

21 mrt 2012 - 20:50

It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is woansdei net folslein útferkocht by de heale finale foar de beker. Yn it stadion kinne 26.000 minsken, likernôch 1000 dêrfan binne net beset. Hearrenfean spilet tsjin PSV om in plakje te krijen yn de finale foar de beker. Dy is peaskesnein 8 april yn De Kuip yn Rotterdam. Ofrûne snein wûn PSV mei 5-1 fan SC Hearrenfean yn de kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)