Kaarten De Kast ferkocht

20 des 2008 - 17:44
  • Sneontemoarn betiid by it tsjerkje
  • Der wiene 120 kaarten

De Fryske popgroep De Kast sil nije wike tiisdei in yntym konsert jaan yn it tsjerkje fan Sibrandahûs. Dat docht de band foar it goede doel, de stifting 'Doe een wens'.

Sneontemoarn begûn de kaartferkeap. Yn tsien minuten tiid wiene alle kaarten ferkocht. Om seis oere stie de earste al te wachtsjen foar it stek by de tsjerke. Der binne yn totaal 120 kaarten ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)