'Kaaikastjes net feilich'

28 aug 2012 - 13:38

Thússoarchynstellings krije in soad fragen oer de kaaikastjes nei oanlieding fan trije ynbraken yn Harns. Dêr waarden de kastjes iepenbrutsen en de kaai waard brûkt om yn te brekken. Dit wykein ferstoar in 88-jierrige frou yn Harns troch in hertstilstân, neidat der op dy wize by har ynbrutsen wie.

Guon kliïnten binne sa ûngerest dat se de kastjes net langer brûke wolle. Neffens direkteur Aukje Reinders fan thússoarchynstelling De Friese Wouden is dat in probleem, want in alternatyf is der noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)