K. Schippers skinkt oan Dr8888

26 mrt 2014 - 21:46
  • Museumdirekteur Paulo Martina

Museum Dr8888 krijt it folsleine Dada-argyf fan skriuwer en dichter K. Schippers, sa meldt de NOS. It giet dan bygelyks om brieven en foto's oer de Nederlânske Dada-keunstners. It museum yn Drachten kin mei de nije stikken har kolleksje oer avant-garde keunst út de foarige ieu flink útwreidzje.

Dadaïsme is in ynternasjonale keunststreaming út de tiid fan de Earste Wrâldoarloch. Museum Drachten wol de stikken digitaal beskikber meitsje sadat it materiaal oeral op de wrâld besjoen wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)