Kâns op trochstart Welsec

04 feb 2012 - 14:44

De Harnzer ûnderhâldswerf Welsec makket in goede kâns op in trochstart neidat it bedriuw de ôfrûne wike fallyt gien is. Dat tinkt Albert Kuiper fan fakbûn FNV-Bondgenoten. It bedriuw is yn de problemen rekke troch in boete fan 2 miljoen euro foar fersmoarge slyk.

Kuiper hat fan de direksje en de kurator heard dat de kâns op in trochstart grut is. Dêrby soe de direksje de 22 man dy't no dien krigen hawwe, wer oannimme wolle tsjin deselde betingten as dêr't earder ûnder wurke waard.

It bedriuw skriuwt fierder ek noch swarte sifers en der binne genôch oarders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)